Twalûk 'Moard en deaslach yn de Fryske literatuer' - Jûn 1
Schedule
Thu Apr 23 2026 at 07:30 pm to 09:30 pm
UTC+02:00Location
Tresoar | Leeuwarden, FR
About this Event
Sitsto ek wolris mei de hannen foar de eagen op it puntsje fan de bank by in spannende searje op Netflix? Fynst it eins te grizelich, mar bliuwst toch sjen? Lês dan ek ris in Fryske thriller!
Meisto graach mei de detective meipuzelje oer wa’t de moardner is? Of kinst net wachtsje om út te finen wêrom’t ien fermoarde is? Bekende thrillerskriuwers fertelle oer har wurk én litte dy yn de kunde komme mei spannend wurk fan har foargongers.
Op de earste jûn op 23 april komme Erik Betten en Jan Schokker oan it wurd oer de boeken fan Anne Hellinga/Jan J. Bylsma en Meindert Bylsma en se fertelle ek oer har eigen wurk.
Programma:
19.00 ynrin
19.30 programma mei koarte lêzingen en ynterviews
21.30 ein mei boekferkeap en sinjearjen
De fiertaal is frysk.
Where is it happening?
Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden, NetherlandsEvent Location & Nearby Stays:
EUR 0.00



![Douwe Bob [UITVERKOCHT]](https://cdn-ip.allevents.in/s/rs:fill:500:250/g:sm/sh:100/aHR0cHM6Ly9jZG4tYXouYWxsZXZlbnRzLmluL2V2ZW50czEwL2Jhbm5lcnMvMzYzNmE4M2M5YjYzMjE3ZDIxNmZlNjRiM2I1YzQwOTFmYzY0NDQ4MTliMjIyYTZjZTQ5OWQ3ZjI1NGMyZWEyOS1yaW1nLXcxMjAwLWg2NzUtZGMyZTMwMmMtZ21pcj92PTE3NzMxNjY1ODk.avif)


