Lunsjlêzing | In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

Schedule

Thu May 21 2026 at 12:30 pm to 01:30 pm

UTC+02:00

Location

Tresoar | Leeuwarden, FR

Advertisement
Lunsjlêzing Gerda van der Wijk| In fergetten roman fan in fergetten skriuwster.
About this Event

De lêzing is yn it Frysk.

Gerda van der Wijk jout in lêzing oer in fergetten roman fan in fergetten skriuwster: it ferhaal fan freule Cecilia Johanna van Heemstra (1767-1836).

Yn 1925 ferskynt de dokumintêre roman Het Vergeten Proces. It boek is skreaun troch in skriuwster mei in frjemd pseudonym: L.E. It docht al gau bliken dat de letters steane foar Lite Engelberts (1880-1929). Se hat in tal ferhalen publisearre yn tydskriften en in pear historyske romans skreaun. Fierder is der net folle oer har bekend. En dat is sa bleaun, want L.E. is krekt as har grutte roman oer freule Cecilia van Heemstra totaal fergetten.
It ferhaal is út de Frânske tiid en spilet him ôf yn Fryslân, op Fogelsanghstate yn Feankleaster. Yn de twadde helte fan de 18e iuw wennet dêr Cecilia mei har dominante mem, har heit is jong ferstoarn. Mem sjocht har iennichste dochter graach trouwen mei har folle neef Willem van Sytzama fan Driezum. Cecila hat lykwols Willem van Haren troffen, grytman te Wolvegea. En mei him wol se trouwe ek al is hy 20 jier âlder as har. Lykwols har mem wegert tastimming te jaan en Cecilia sjocht mar ien útwei: flechtsje nei Emden yn East-Fryslân. As Willem van Haren har achternei reizget, trouwe se dêr úteinlik. Yntusken docht Willem van Sytzama Cecilia in proses oan fanwege troubrek. In saak dy’t mear as tsien jier duorje sil en formeel noait ôfsletten is. Het Vergeten Proces is in bysûnder leafdesferhaal fan in Fryske freule.

___

Lunsjlêzing
De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunsj foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje).

De lunsj stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunsj binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunsj, is it net mooglik om op de dei sels in lunsj te bestellen - dat moat foarôf.

Advertisement

Where is it happening?

Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden, Netherlands

Event Location & Nearby Stays:

Tickets

EUR 0.00 to EUR 7.50

Icon
Know what’s Happening Next — before everyone else does.
Tresoar

Host or Publisher Tresoar

Ask AI if this event suits you:

Discover More Events in Leeuwarden

VroegZat 22 mei Leeuwarden
Fri, 22 May at 07:30 pm VroegZat 22 mei Leeuwarden

Neushoorn

PARTIES ENTERTAINMENT
Kleine Wielenloop, Leeuwarden 2026
Sat, 23 May at 11:00 am Kleine Wielenloop, Leeuwarden 2026

Oer de brill 5, Leeuwarden

Naaz
Sat, 23 May at 08:00 pm Naaz

Neushoorn

Abyssal (UK) + Carcinoma (UK) + Dodentocht | Mukkes, Leeuwarden
Sun, 24 May at 08:00 pm Abyssal (UK) + Carcinoma (UK) + Dodentocht | Mukkes, Leeuwarden

Alternative Rockcafe Mukkes

MUSIC ENTERTAINMENT
Zomerfeest Vosseparkwijk 2026
Thu, 28 May at 08:00 pm Zomerfeest Vosseparkwijk 2026

Achlumerstraat 1A, 8913 GL Leeuwarden, Netherlands

Save the date! Slotbal
Sat, 30 May at 08:00 pm Save the date! Slotbal

Ampérestraat 6, Leeuwarden

PARTIES ENTERTAINMENT

What's Happening Next in Leeuwarden?

Discover Leeuwarden Events