Lunchlezing | Nynke Rixt Jukema over 'De nacht heeft persoonlijkheid'

Schedule

Thu Dec 17 2026 at 12:30 pm to 01:30 pm

UTC+01:00
Location

Tresoar | Leeuwarden, FR

Advertisement
Lunchlezing Nynke Rixt Jukema | De nacht heeft persoonlijkheid
About this Event

Nynke Rixt Jukema over 'de nacht heeft persoonlijkheid'

Deze lezing is in het Fries
Us bidbook foar de kulturele haadstêd 2018 stie fol eigenheid en idealisme. It programma Feel the Night, De herontdekking van de nacht hie dêr in grutte rol yn. Want op gjin oar plak yn Nederlân fynst noch in nacht mei tûzenen stjerren en in hast ûnmjitbere stilte. Kwaliteiten dy't foar in soad Nederlanners frjemd en, troch de tanimmende ljochtfersmoarging, sels ûngrypber wurden binne. En dat wylst de nacht altyd in grutte ynspiraasjeboarne west hat foar skilders, skriuwers, musisy, poëten, byldhouwers en sels arsjitekten.

Arsjitekt Nynke Rixt Jukema wie yndertiid de artistyk lieder fan Feel the Night. Yn har wurk, dat him befynt op it snijflak fan byldzjende keunst en arsjitektuer, giet se de ferbining oan tusken de brûker (minske of bist), de omjouwing en syn of har belibbing. Yn dizze lêzing sil se in oantal fan har meast oansprekkende en resinte nachtprojekten taljochtsje. Net om 'e nocht wurdt der altyd sein: de dei is neutraal wylst de nacht persoanlikheid hat.

___

Lunchlêzing

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (in lúks broadsje* en 1 konsumpsje).

De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Yn ferbân mei it in it foar bestellen fan de lunch, is it net mooglik om op de dei sels in lunch te bestellen - dat moat foarôf.
* De broadsjes binne geskikt foar fegetariërs.

** Bij binnenkomst controleren we op achternaam. Uitprinten van je ticket is niet nodig. **

Advertisement

Where is it happening?

Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden, Netherlands

Event Location & Nearby Stays:

Tickets

EUR 0.00 to EUR 7.50

Know what’s Happening Next — before everyone else does.
Tresoar
Host or PublisherTresoar

Ask AI if this event suits you