Literêr kafee | Hoe brûkst de Tresoar-kolleksje foar dyn skriuwen?

Schedule

Thu Nov 26 2026 at 07:30 pm to 09:30 pm

UTC+01:00
Location

Tresoar | Leeuwarden, FR

Advertisement
Bist benijd hoe’tst de boarnen fan Tresoar ynsette kinst foar dyn skriuwen en hoe’tst ûndersyk dochst? Kom op 26 novimber nei Tresoar!
About this Event

Wolst mear oer de kolleksje fan Tresoar witte? Watfoar boeken binne der en hoe sikest yn de argiven? Bist benijd hoe’tst al dy boarnen ynsette kinst foar dyn skriuwen en hoe’tst ûndersyk dochst?

Kom dan nei it Literêr kafee, dat dizze kear spesjaal foar studinten fan de Skriuwersfakskoalle is en fansels foar oare belangstellenden. Nei in ynlieding fan Jacob Roep fan Tresoar oer de kolleksje folget in rûnlieding mei omtinken foar Fryske literatuer.

Nei it skoft fertelle Tamara Feddema en Tjeerd Schuhmacher (âld-studinten fan de Skriuwersfakskoalle) oer har wurkwize en skriuwen. Tamara is dwaande mei ûndersyk nei har eigen famylje en Tjeerd wurket oan in biografy oer Viglius van Aytta. Se diele har erfaringen, jouwe tips en kinst se fan alles freegje. Doch ideeën op, lit dy ynspirearje en kom yn de kunde mei oare skriuwers.

Wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar op 26 novimber!

19:00 - ynrin mei kofje/tee
19:30-21.00 - programma
21:00 - neisit

Tagong fergees, wol graach yn it foar oanmelde.

Advertisement

Where is it happening?

Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden, Netherlands

Event Location & Nearby Stays:

Tickets

EUR 0.00

Know what’s Happening Next — before everyone else does.
Tresoar
Host or PublisherTresoar

Ask AI if this event suits you